Hierdersferiening Frjentsjer slút him oan by bewennersried

01 aug 2016 - 13:35

De hierdersferiening Frjentsjer (de HVF) en de Bewennersried Fryslân hawwe in gearwurkingsoerienkomst sletten. De HVF wie net te sprekken oer de gearwurking mei trije oare hierdersferienings yn it Platform Accolade en dêrom sei HVF it lidmaatskip fan dit platfoarm op.

Foarsitter Marinus Duyzer fan HVF fynt dat syn feriening troch de gearwurking mei De Bewennersried Fryslân in kwaliteitsslach makket. HVF behertiget de belangen fan hast 700 hierders yn Frjentsjer, de Bewennersried dy fan hast 30.000 yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)