Resept om ûntstnapte bargen te fangen: biks mei molke

01 aug 2016 - 12:55

It wachtsjen is begûn foar heit Hans en soan Jurjen Jongsma. Harren twa bargen spane no noch om yn it Ketliker Skar by Nijhoarne, mar as it oan de Jongsma's leit, sitte se moandeitemiddei wer achter it stek.

Om de twa bearen te fangen, hawwe de Jongsma's in amer mei fretten delsetten en in fangkoer makke. "Biks mei wat molke, dêr binne se gek op." As de bisten op it fretten ôfkomme, docht in buorman dy't it plak yn de gaten hâldt, it stek ticht.

"Mar ja, in baarch is net sa maklik te fangen. Se sizze wol "sa dwers as in baarch" en dat kloppet ek wol", seit Hans Jongsma. 

"Keapje gjin bargen"

Hy wie ek eins gjin foarstanner fan bargen, mar soan Jurjen (17) koe in pear bisten keapje. "Hy hannelet der wat yn. Ik sis wolris dat er net alles keapje moat, mar doe hie er se al kocht", laket heit Hans.

De twa bearen naaiden út neidat de Jongsma's de twa wyfkes nei binnen helle hienen. "Dy hienen jongen krigen en moasten efkes apart. Doe binne dizze twa bargen op syk gongen en útbrutsen", fertelt Jongsma senior.

Lestich jeie op bargen

"Ik haw wolris op in ko jage, dy krigest maklik in kant op. En kninen ek, mar dy rinne net sa fier. Mar bargen binne lestich. Ast se ien kant op ha wolst, rinne se krekt de oare kant op."

Dochs hat Jongsma der alle fertrouwen yn dat de bargen wer fong wurde. "Efkes geduld hawwe, mar dat komt wol klear."

Trefwurden: 
bargen ûntsnapt Nijhoarne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)