Automobilist rekket ferwûne by frontale botsing Aldwâld

© De Vries Media
Op de Trekwei by Aldwâld is moandei om alve oere hinne ien persoan ferwûne rekke by in frontale botsing. De brânwacht fan Kollum, in ambulânse en meardere plysjes waarden oproppen om earste help te ferlienen.
Troch noch ûnbekende oarsaak botsten twa auto's frontaal op elkoar. Ien persoan rekke ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok.