UPDATE: Takomst sikehûs De Sionsberg yn Dokkum stiet faai

De takomst fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum is op 'e nij ûnwis no't De Friesland soarchfersekerder it kontrakt mei it sikehûs opsizze wol. De ried fan bestjoer is ferbjustere, seker om't De Friesland yn jannewaris noch in kontrakt foar fiif jier ôfsletten hat mei De Sionsberg.
De soarchfersekerder soe it kontrakt iepenbrekke wolle om it te fersoberjen. De ried fan bestjoer siket no út as it juridysk wol tastien is om it kontrakt samar op te sizzen.
"Wij gaan hier niet zomaar weg"
Igor Tulevski, de foarsitter fan de ried fan bestjoer fan De Sionsberg, bliuwt striidber. "De Sionsberg is van ons allemaal. Wij gaan hier niet zomaar weg." Hy lit ek witte dat it Dokkumer sikehûs net samar omfalt as De Friesland it kontrakt opseit.
"Als grootste zorgverzekeraar in deze regio hebben ze natuurlijk een zorgplicht. En anders is er altijd nog de vrije keus van patiënten. Maar wenselijk is dit niet"
"Spijkers op laag water"
De oankundiging fan De Friesland soarget dan ek foar argewaasje. "Zonder duidelijke reden mag je een contract niet zomaar opzeggen. De Friesland geeft als reden dat de samenwerking binnen de Sionsberg niet tot stand is gekomen. Dat is niet waar. Ze zoekt gewoon spijkers op laag water."
Tulevski hopet dan ek dat de soarchfersekerder noch weromkomt op it foarnimmen it kontrakt per 1 jannewaris 2017 op te sizzen. Beide partijen binne noch yn petear. In gong nei de rjochter wol de bestjoersfoarsitter eins foarkomme. "Juridische perikelen komen de zorg nooit ten goede."