NNO bestiet 150 jier

01 maaie 2012 - 21:07

It Noord Nederlands Orkest (NNO) bringt it kommend seizoen by in konsert de muzyk út de film Soldaat van Oranje. It giet om ien fan de ûnderdielen fan it programma wêrmei't it orkest syn 150-jierrich bestean fiert. Dat bestiet fierder ûnder oare út in konsert yn gearwurking mei pianist Wibi Soerjadi, de premjêre fan in stik fan Philip Glass en ek wurdt der mei Tryater in programma foar bern fan de basisskoallen makke.

Fanwege it jubileum ferskynt der ek in spesjaal boek, skreaun troch professor Jan Minderhoud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)