Kollum: "Matineetrut"

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
"No, jim hearre it miskien wol, dit wykein wie it Veenhoop Festival, en ik wie der ek. It Veenhoop Festival is it Pinkpop fan de Wâlden, kinst wol stelle. Elkenien út Harkema, Houtigehage, Twizelerheide en Boelensleane fytst in wykein lang hinne en wer nei de Headamsbrêge. Want dêr lizze de lytse boatsjes dy’t dy oer it wetter fan it Grytmansrak sette. Dat giet de hinnereis noch mei aardich drûge fuotten. De weromreis midden yn de nacht is de kâns op in wiete ûnderbroek in stik grutter.
Jierrenlang wie it Veenhoop Festival myn fêste fakânsjebestimming. It earste wykein fan de Boufak stie read omsirkele yn de aginda. Op freedtemiddei setten wy de tintsjes op op it campingterrein njonken de grutte feesttinte. Trije jier ha wy dat folhâlden, doe hiene wy ús nocht fan al de dronken keardels dy’t ús lytse koepeltintsjes ’s nachts plat trapen ûnder it gebrul dat se oan it ‘mollebult stampen’ wiene.
De jierren dêrnei stiene wy op in camping yn de buert, dy’t yn de volksmond Camping Kut neamd waard. De camping die syn namme ear oan, want alle dagen wie it waarme wetter fan de dûsen op en ek de aggregaat foar de stroom liet it geregeld ôfwitte. Flinke wetterplassen ûnder de kuolkast en lau bier as resultaat. Mar wy hoegden mar fiif minuten te fytsen om op it festivalterrein te kommen en ‘s nachts stie ús tintsje noch braaf oerein. Dus ús heardest net kleien.
Yn dy tiid misten wy gjin dei fan it festival. Freedtejûn beukten wy op muzyk fan Jovink en de Voederbietels. Sneon stie Normaal op it programma. Snein earst nei it matinee en jûns op ‘e nij it feest yn. En dan de moandeis it skûtsjesilen. Mear dea as libben leine wy op grutte learen banken nei dy boaten te koekeloeren. Gjin stim mear oer en in spikerbroek om ‘e kont dy’t stonk nei bier en blauwe modder. Koest ‘m wol rjochtop delsette, sa smoarch wie er. De lêste jûn koe ik hast gjin boe of ba mear sizze, allinnich noch de sin: Wat binne wy moai fuort net?
Mar fan dy diehard Veenhoop-fan bin ik yn de rin fan de jierren lykwols bjusterbaarlik feroare yn in Matinee trutsje. Sa neamden wy dy froulju eartiids, dy’t yn kreaze klean allinnich op sneintemiddei nei de tinte gongen. Fan dy famkes dy’t de hege hakjes oan hiene en raasden as meagere bargen as har bier yn de broek getten waard. Wat hiene wy in hekel oan dy froulju, dy’t der noch fit en fruitich útseagen wylst wy der al byrûnen as ôfkarde seekakaloekussen.
En no bin ik sels dus sa’n matineetrut. Want ik bin de ôfrûne Veenhoop festivals allinnich noch op sneintemiddei west. Yn skjinne klean, mei it pontsje oer en jûns braaf net al te let wer nei hûs. Ik moat der earlik is earlik ek net mear oan tinke om dêr yn in tintsje te sliepen, fjouwer dagen lang bier te drinken, lit stean fjouwer dagen yn deselde spikerbroek om te bongeljen. Ik wol gewoan thús dûse mei waarm wetter en in kopke Kamilletee drinke foar't ik hearlik yn myn eigen bedsje dûk.
No’t ik dit sa foarlês is de konklúzje sawol helder as skrikbarend: ik bin net allinnich in Matineetrut wurden, it is noch folle slimmer: Ik bin in Veenhoop beppe."