"Skylge kin status fan Dark Sky Park noch better brûke"
De Dark Sky status fan de Boschplaat op Skylge kin noch better brûkt wurde. Sawol troch ûndernimmers as Steatsboskbehear sels, tinkt boskwachter Remi Hougee. Al binne de ûndernimmers op Easterein al wol behoarlik aktyf. Dêr is it inisjatyf dan ek wei kaam.
En ek de ekskurzjes yn it tsjuster binne tige populêr. Benammen minsken út de Rânestêd binne it tsjuster net wend en fernuverje harren oer wat der allegearre te sjen is as je omheech sjogge.
Iennichste Dark Sky Park
Natuergebiet de Boschplaat is sûnt ferline jier juny it earste en iennichste plak yn Nederlân dat him kwalifisearre foar de bysûndere ynternasjonale status. It betsjut dat der sawat gjin ljochtfersmoarging is. Dêrtroch kinne je de stjerren bygelyks hiel goed sjen.