Partoer Bergsma wint generale fan de PC yn Arum

31 jul 2016 - 18:36
  • It partoer fan Marten Bergsma wûn de generale fan de PC

De frije formaasjepartij yn Arum is snein wûn troch Marten Bergsma, Erwin Zijlstra en Hendrik Kootstra. Sy wûnen de finale mei 5-3 en 6-0 fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Patrick Scheepstra en skreaune sa de 'generale fan de PC' op har namme. Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger pakten de tredde priis.

By de froulju gie de winst nei Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Yn in finale mei alles oan de hang wûnen sy fan Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra.

Erwin Zijlstra hie in poerbêst keatswykein, want hy pakte sneon yn Seisbierrum ek al de earste priis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)