Folkstún foar minima

Yn Tytsjerksteradiel krijt in groep minsken mei in minimumynkommen de mooglikheid in eigen grientetún te begjinnen. It giet om in inisjatyf fan GrienLinks, dat oppikt is troch de gemeente. Dy soarget foar de grûn en in lyts starterspakket, yn de hoop dat minsken foar in diel fan har eigen iten soargje kinne. Ek soe in folkstún minsken bewege litte moatte en foar sosjale kontakten soargje moatte.
Yn earste ynstânsje dogge der sân minima en trije folkstúnferienings oan mei. Der wurdt noch wol brûkt ark socht. Dat kin meld wurde by de gemeente.
Folkstún De Warren yn Hurdergaryp hat twa oanmeldings. Neffens siktaris Sieger Benedictus kinne dêr noch wol mear by. De Warren hat noch sân túntsjes beskikber.