Fraach nei fakânsjehúskes nimt ta

31 jul 2016 - 15:49

De merk foar fakânsjehúskes is op it stuit goed yn Fryslân. De tanommen fraach sit foaral yn it Fryske Marregebiet. Dat docht bliken út sifers fan makelersferiening NVM. Minsken krije op it stuit sawat gjin rinte mear op harren sparjild en dan liket in fakânsjehúske in goeie ynvestearring, benammen as je it húske ferhiere kinne.

De prizen geane ek omheech, al bliuwt Fryslân wat achter omdat hjir relatyf in soad wat âldere fakânsjewenten binne.

Der binne ek risiko's by de oankeap fan in fakânsjewente as ynvestearring. As je in nije wente bouwe of keapje kin it bygelyks sa wêze dat je meibetelje moatte oan mienskiplike foarsjennings lykas in swimbad. En je moatte as keaper der ek goed om tinke dat je gjin fakânsjehúske keapje dêr't hieltiten nije stikken oan fêst boud binne, sa warskôget de NVM.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)