Frou (18) trapet plysjeman yn it krús op it Ruterskertier

© ANP XTRA
De Ljouwerter plysje hie sneintemoarn betiid hiel wat te stellen mei in dwerse frou (18) op it Ruterskertier. De jonge frou waard tsjin fiven oansprutsen omdat se har ferfelend gedroech. De frou reagearre troch in plysjeman yn it krús te traapjen. Ek by de oanhâlding troch ferskate plysjes bleau se agressyf. Se skold de plysjeminsken út en besocht harren te traapjen en te beflybkjen.
Mei in spoedproseduere krige de frou in strafbeskikking oplein fan 350 euro.