'Sparta Granny' stellen fan de Merk yn Dokkum

31 jul 2016 - 14:52
  • It giet om in elektryske fyts fan dit type

Yn de nacht fan sneon op snein is fan de Merk yn Dokkum in elektryske fyts stellen. It giet om in wite fyts fan it merk 'Sparta Granny'. De fyts hat in sulverkleurige koplampe en in rek foar skoaltassen achterop.

Wa't wat sjoen hat of wyt wêr't de fyts no is wurdt fersocht om kontakt op te nimmen mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)