Plysjekontrôle: Acht skippers mei tefolle drank op yn Grou
Wilens en nei it skûtsjesilen by Grou hat de plysje op it wetter alkoholkontrôles hâlden. Acht skippers hiene tefolle drank hân. Se krigen in bekeuring en in farferbod.
De plysje hat oankundige dat der de kommende tiid faker op it wetter op drank kontrolearre wurdt.