Wenningynbraak op De Lemmer: jild en guod stellen
Op 'e Lemmer is sneintemoarn ynbrutsen yn in wenning oan de Houtrib. De dieders hawwe guod en jild meinommen.
De ynbraak wie om fiif oere hinne. Rûn dy tiid hat de bewenner ek in fertocht persoan sjoen. De plysje ûndersiket de saak.