Ronde fan de Kerspelen giet fan Droegeham nei De Harkema

30 jul 2016 - 22:25

De Ronde fan de Kerspelen brekt mei in tradysje. De hurdfytsklassiker hie 23 edysjes lang de start en finish yn Droegeham. Mei yngong fan takommend jier wurdt dat De Harkema. Tenei komt de einstreek op de Homear op De Harkema. De organisearjende Stichting Wielerpromotie Achtkarspelen tinkt publyk en sponsors dêr better betsjinje te kinnen. De Ronde fan de Kerspelen is takom jier op 3 juny.

Twa dagen letter, op pinkstermoandei, organisearret de stichting Wielerpromotie it distriktskampioenskip Noard.

De start en finish fan dy wedstriid is op itselde plak op De Harkema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)