SC Hearrenfean ferliest mei 2-0 fan Real Sociedad

30 jul 2016 - 21:40
  • Stijn Schaars

SC Hearrenfean hat sneon yn eigen hûs de lêste oefenwedstriid tsjin Real Sociedad út Spanje mei 2-0 ferlern. Hearrenfean miste de nedige skerpte foar de goal. Dêrnjonken hiene de Basken ek wat mear individuele kwaliteit yn hûs.

Juanmi iepene de skoare foar Real Sociedad yn de earste helte mei in kopbal. Foar SC Hearrenfean gie Pelle van Amersfoort op syk nei de lykmakker, mar hy skeat krekt oer. Oan it begjin fan de twadde helte miste Ghoochannejhad in kâns foar Hearrenfean. Joseba Zaldua skoarde wol en bepaalde dêrmei de einstân op 2-0.

Nije wike snein begjint de kompetysje foar SC Hearrenfean mei de wedstriid tsjin AZ.

Opstelling Hearrenfean: Mulder, Marzo, St. Juste, Van Aken, Bijker, Schaars, Van Amersfoort, Namli, Zeneli, Reza en Larsson.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)