De Groot, Zijlstra en Iseger winne keatsen yn Seisbierrum

Jan Dirk de Groot, Erwin Zijlstra en Daniël Iseger hawwe sneon de trochinoar lotterspartij yn Seisbierrum op harren namme skreaun. It trijetal wûn yn in iensidige finale mei 5-2 en 6-2 fan Enno Kingma, Alle Jan Anema en Laas Pieter van Straten. De lytse preemje wie foar Tjisse Steenstra, Taeke Triemstra en Sjoerd de Jong, dy't yn de heale finale mei 5-3 en 6-2 ferlearen fan de lettere winners. Erwin Zijlstra waard útroppen ta kening.
By de froulju gong de winst nei de favoriten Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra.
It trijetal wie oppermachtich yn de finale en wûn mei 5-1 en 6-0 fan Joukje Kuperus, Klasine Huistra en Marije van der Meer. De tredde priis wie foar Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra. Manon Scheepstra waard útroppen ta keninginne.