Lemster skûtsje twadde op de Pikmar tanksij 'superstart'

30 jul 2016 - 16:44
  • Feest oan board fan it Drachtster skûtsje
  • It Drachtster skûtsje ûnderweis nei de einstreek, op ôfstân folge troch De Lemmer en Earnewâld

Skipper Albert Visser fan De Lemmer wie sneon tige wiis mei syn twadde plak. Neffens Visser hie er dat plak foaral te tankjen oan in 'superstart'. It Lemster skûtsje wie sa'n bytsje as earste fuort. Trochdat it skûtsje letter yn in 'wynsek' bedarre, gie net it Lemster, mar it Drachtster skûtsje as earste om de tonne om dat earste plak net mear ôf te jaan. Visser hat der gjin muoite mei. "Drachten wie foar ús net te pakken. Ik gun it Jeroen Pietersma wol."

De Lemmer moast wol stride mei Earnewâld om it twadde plak en wûn dat.

Jeroen Pietersma fan Drachten is sels út de skroeven mei it earste plak op de iepeningswedstriid. Al it nijs oer it skûtsjesilen is te finen yn ús skûtsjedossier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)