Drachten wint SKS-skûtsjesilen by Grou

It skûtsje fan Drachten is de ferrassende winner fan it SKS skûtsjesilen by Grou. De Drachtsters pakten al by de earste tonne de lieding om dy net mear ôf te stean. Flak foar de finish kaam it skûtsje fan De Lemmer noch aardich tichtby, mar it team fan skipper Jeroen Pietersma rekke net yn de war en pakte de earste skûtsjewinst fan it seizoen 2016. "Dit wurdt aansens in gekkeboel op it folchskip", sei in tige tefreden skipper Pietersma.
It Lemster skûtsje gie as twadde oer de einstreek, Earnewâld as tredde en de Súdwesthoeke as fjirde.
De folsleine útslach fan de SKS-wedstriid by Grou:
1.) Drachten, 0,9 punten 
2.) De Lemmer, 2 punten
3.) Earnewâld, 3 punten
4.) Súdwesthoeke, 4 punten
5.) Akkrum, 5 punten 
6.) Snits, 6 punten 
7.) Langwar, 7 punten
8.) De Jouwer, 8 punten 
9,) Grou, 9 punten 
10.) Ljouwert, 10 punten 
11.) It Hearrenfean, 11 punten 
12.) 'd Heale Moanne, 12 punten 
13.) Huzum, 13 punten 
14.) Wâldsein, 14 punten
Al it nijs oer it skûtsjesilen is te finen yn ús skûtsjedossier.