UPDATE: Drinkeling Vegelinsoard is ynwenner De Haule (42)

De man dy't by Vegelinsoard yn it wetter rekke wie, is fûn. Hy is ferstoarn, sa meldt de plysje. It giet om in 42-jierrige ynwenner fan De Haule. Undersyk moat útwize wat der krekt bard is. Nei alle gedachten is de man net goed wurden en dêrtroch oer board slein.
Helptsjinsten hawwe sneontemiddei manmachtich nei de man oan it sykjen west, nei't omstanners alaarm slein hienen. By it sykjen is gebrûk makke fan sonarapparatuer. Ek binne dûkers ynset en wie der in traumahelikopter te plak. It skipfeartferkear by Vegelinsoard waard sneontemiddei stillein.