SC Hearrenfean komt mei alternative hantekensessy

30 jul 2016 - 16:03
  • Drokte op de iepen dei fan Sportklup Hearrenfean
  • Jonge fans koene har útleve mei allerhanne fuotbalspultsjes

Sportklup Hearrenfean sil op koarte termyn in aparte hantekensessy foar alle fans organisearje. Direkteur Luuc Eisenga fan de sportklup makke dat sneontemiddei bekend. De spilers binne sneon op de iepen dei net beskikber foar hantekens, omdat se har tariede moatte op de oefenwedstriid tsjin de Spaanske klup Real Sociedad. It útdielen fan hantekens soe de 'fokus' op dy wedstriid fersteure kinne, sa tinkt Eisenga.

Mar de direksje erkent dat de moeting tusken fans en spilers 'tige weardefol' is en sil dêrom gau in aparte hantekensessy hâlde.

De Fean-fan dy't dan 'it meast bysûndere attribút' meinimt om te ûndertekenjen krijt in aparte priis. Sa hat Eisenga al fan ien fan heard dat dy fan doel is om de sliepkeamerdoar mei te nimmen nei de hantekensessy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)