Lieuwe Westra net fan start yn Clásica San Sebastián

Lieuwe Westra © ANP
Hurdfytser Lieuwe Westra is sneon net fan start gien yn de klassiker Clásica San Sebastián. Dat hat de organisaasje fan de koers troch Baskelân bekend makke. It wie wol it doel dat Westra by de wedstriid syn rentree yn de WorldTour meitsje soe.
Wêrom't Westra op it lêste momint net fan start gien is, is net bekend makke. De rider út de Astana-ploech bedarre nei de Ronde fan Switserlân yn in 'mentale dip', sa fertelde er tiisdei sels by de profronde fan Surhústerfean.
Westra wûn de ôfrûne maaitiid noch de Driedaagse De Panne, mar hat fierder in dreech jier. Sa rekke syn relaasje út en hat er it ek dreech mei alle falpartijen yn it peleton. "Der is gewoan tefolle bard dit jier. Dêr kin ek 'het beest' Westra lest fan krije, sis mar."