Op syk nei ûnderwetterlibben yn Snitser Mar gebiet

30 jul 2016 - 14:49

Oer wat der op it wetter bart is al in soad bekend as it om it Snitser Mar gebiet giet. Mar ûnder wetter is in oar ferhaal. Dêrom organisearre Steatsboskbehear yn 'e mande mei de Werkgroep Vissen Onderzoek Friesland sneon in ekskurzje om wat mear út te finen oer die ûnderwetterwrâld. It giet dan net om it grutte wetter op de mar, mar om sleatten, fearten en hoekjes dêr't je mei in skepnet it ien en oar fange kinne. De syktocht nei fisk gie fan start yn Goaiïngaryp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)