SKS skûtsjesilen begjint mei silerij by Grou

30 jul 2016 - 14:10
  • De earste twa skûtsjes yn de sleep: Akkrum en Drachten
  • It lêste skûtsje yn de sleep, Wâldsein mei Klaas van der Meulen oan it helmhout
  • It houten skûtsje de Aebelina giet foarop as alle 14 skûtsjes de Pikmar op sleept wurde
  • It Drachtster skûtsje giet as earste om de tonne en pakt de lieding

Leafhawwers fan it skûtsjesilen sjogge der al tiden nei út. Mar sneon begjint dan lang om let it nije seizoen mei de silerij by Grou. Wa wurdt de opfolger fan De Jouwer, dy’t ferline jier kampioen waard? Alve dagen stride fjirtjin skûtsjes op de Fryske marren om de SKS-titel. Dêrnei giet de silerij fan de IFKS fierder.

Omrop Fryslân docht alle dagen wiidweidich ferslach fan de wedstriid. Mei fan de start om 14.00 oere ôf bylden fan de wedstriid op telefyzje, flitsen op radio en in livestream op omropfryslan.nl en de Omrop-app.

En dat allegear mei kommentaar fan Gljalt de Jong en Geartsje de Vries. Jûns wurdt der fansels op telefyzje neipraat yn it Skûtsjesjoernaal, dat programma begjint om 18.20 oere.

Al it nijs oer it skûtsjesilen is te finen yn ús skûtsjedossier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)