Helikopter pleatst stjoermêst

01 maaie 2012 - 16:45

In helikopter hat tiisdei it earste stik fan de nije stjoermêst by Hoogersmilde yn Drinte pleats. De mêst komt boppe-op de betonnen toer. De stielen mêst fan de nije televyzje- en radiotoer bestiet út fyftich dielen. In spesjale helikopter út Switserlân set de dielen op de toer.

De âlde stjoermêst stoarte ferline jier july yn nei in fûle brân. Dêrnei wiene radio- en tv-stjoerders minder goed te ûnfangen. De ûnderste betonnen toer hie troch de brân ek grutte skea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)