Kollum: "Bestjoerskundich?"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.
"Doe’t ik yn 1967 fan de HBS kaam, woene myn âlden graach dat ik studearre. Dat hearde sa as je fan de HBS kamen. It moast ek wol, want op dy HBS hiene je wol fiif jier omhongen, mar yn dy tiid net in fak leard. Dus ik prakkesearre my de kop gek: wat soe ik studearje? En kaam úteinlik út op politikology. Seach der ris rûn en seach mei ferbjustering nei de meast ferbjusterjende minsken. Dy’t dêr inkeld mar hinne rûgele wiene omdat har âlden graach woene dat se studearje soene as se fan de HBS kamen.
In oare hoeke útsjen. It folgjende tsjinstblêd wie bestjoerskunde. No, alle dagen bin ik noch bliid dat ik nei de HBS gewoan oan it wurk gien bin. Dêrmei behoeden foar de ramp: bestjoerskundige Eelke Lok. Huuh. Komselden tref je gruttere âldehoeren oan. Se lulle altyd, mar sizze neat. Se redenearje nammentlik alle kanten op. Se lizze út wat net út te lizzen is. Hoe soene je no útlizze kinne wat bestjoerders beweegd hat om dit of dat te dwaan, wylst dy bestjoerders sels absolút gjin idee ha wêrom't se guon saken op dy wize oanpakt ha.
Bestjoerskundigen bin in soarte fan… no ja, fuotbalanalisten, itselde folkje. Dy kinne alles wat se foar de wedstriid útlein ha en wat we yn de wedstriid net in momint sjoen ha, wat dus net wier wurden is, yn in pear minuten wer sûnder muoite omdraaie. En ynienen tinke je: dy analist hat it úteinlik dochs wol goed sjoen. Jim wurde ferluld. Mar ja, it binne dan ek âld- en âlde fuotballers. Gruttere yndividualisten besteane der net de wrâld. En de presintatoaren krûpe dêr o sa graach ûnder.
Bestjoerskundigen binne net ferneamd. It binne lju dy’t ferwachtsje dat huppeldepup yn de ferkiezing in hiele sprong meitsje sil en dan letter útlizze moatte wêrom't huppeldepup trije sitten efterút gien is. Stel je foar dat Donald Trump aanst wol wint. Hoe lizze se dat út? Ik wikje jim: sûnder muoite.
Ik moat earlik wêze. Je ha ek bestjoerskundigen dy’t útlizze hoe’t ús bestjoer funksjonearret. Sa’n Douwe Jan Elzinga dy’t sa no en dan seit dat se der yn de polityk mar neat fan meitsje, dat it sels offisjeel oars moatte soe. Dat fyn ik dan moai. Mar hy makket him net drok genôch, skodhollet inkeld. Skriuwt gjin brieven nei de kening dat it oars moatte soe.
Mar der binne ek oaren. Rieks Osinga. Jim witte wol, dy Osinga dy’t oplieden waard om de takomstige PvdA-deputearre te wurden. Mar dy bestjoerskundige Osinga hat de PvdA net yn it foar fertelle kinnen dat dy wat jierren yn it strafbankje moast. Mar witte jim wat hy fan 'e wike sei: 'Dat wat yn Achtkarspelen barde, in politike krisis, kin yn in soad oare gemeenten yn Fryslân ek noch barre.' Hy bedoelde te sizzen dat it yndertiid mar in gok fan dy gemeenten wie wat it nije sosjale en sûnensbelied de gemeente kostje soe. En no moat der oer de útkomsten sawol yn it negative as yn it positive noch wol efkes âldehoerd wurde. Mar leave Osinga, yn Achtkarspelen wiene twa idioaten, dy’t tochten dat se wol oer inoar hinne wâldzje koene.
Mar dan hoege der yn oare gemeenten dochs net idioaten te sitten. It is wat in hurd wurd, idioaten, mar ik tink dat FNP-er Marten van der Veen en Gemeentebelanger Max de Haan harsels foarbyfytst binne. En dêrom binne har boargers, dy’t foar harren dochs it wichtichste yn de wrâld wiene, no ek de lul wurden. Wat kostet dat wol net? Wiken lang it geâldehoer. Al it wurk stiet stil. In hiel nij kolleezje. Hoefolle wachtjild slokke se sels op? Want sy komme net wer werom. En no moatte de PvdA en it CDA yn itselde potsje pisje, wolle je wer fierder kinne. No, dy pot stiet noch leech.
Mar Osinga, yn oare gemeenten sitte dochs hiele oare kolleezjes. Dy’t yn goed oerlis mei elkoar prate kinne, dat al lang dogge, oer de foar- en neidielen fan de gok dy’t se yndertiid nimme moasten om nei te kommen wat jo Haagske trawanten allegear beslikke hiene."