Oftraap fan it SKS kampioenskip yn Grou

29 jul 2016 - 22:45

Yn Grou fûn freedtejûn de lotting plak fan de SKS-wedstriden op De Feanhoop en Earnewâld. Neffens tradysje begjint dy lotting mei in wurdsje fan de foarsitter fan de kommisje Grou en dêrnei krigen boargemaster Crone en René Nagelhout, as foarsitter fan de SKS it wurd.

De lotting sels giet om de startfolchoarder fan de wedstriden by De Feanhoop en Earnewâld. Wa't as earste start by De Feanhoop, start as lêste by Earnewâld. De nûmer twa by De Feanhoop is nûmer trettjin by Earnewâld, en sa fierder. De start fan it skûtsjesilen is sneon by Grou.

Al it nijs oer it skûtsjesilen is te finen yn ús skûtsjedossier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)