Nard Brandsma wint jubileumwedstriid yn Bûtenpost

Fierljepper Nard Brandsma fan It Heidenskip hat freedtejûn yn Bûtenpost de jubileumwedstriid wûn fan de fierljepferiening dy't dit jier 40 jier bestiet. Mei 20.00 meter bleau er Oane Galama fan Wiuwert mei 19.98 krekt foar. Age Hulder fan Burgum waard tredde mei 19.91 meter.
By de froulju wûn Hiske Galama fan Grins mei 15.01 meter. Jarno Hoekstra fan Drylts pakte de winst by de junioaren mei 18.14 meter en Jesse Zuidema fan Easterbierrum wûn mei 16.48 by de jonges. Beide winners ljepten in pr. Sigrid Bokma wûn by de famkes mei 14.97.