Wi-Fi fan Arriva docht it goed ûnder jongerein

29 jul 2016 - 20:26

Jongerein wurdearje de Wi-Fi yn de treinen fan Arriva as heechste. Dat docht bliken út in enkête fan reizgersorganisaasje Rover Jong. De organisaasje die yn juny ûndersyk ûnder jongere treinreizgers. Fan harren brûkt mear as 50 prosint de Wi-Fi faker as ien kear yn de wike foar ûnder oare kommunikaasje, social media, skoalle en reisynformaasje. De jongerein is tefreden oer it oanbod fan Wi-Fi, mar de kwaliteit kin yn de measte gefallen better.

De triedleaze ynternetferbining falt noch te faak út. Rover Jong sil mei de ferfierders om tafel om oer ferbetteringen te praten. By de besite oan it haadkantoar fan Arriva op It Hearrenfean nimme se taart mei, om't dy as bêste út de bus komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)