Losbrutsen keal soarget foar file by Ljouwert

29 jul 2016 - 18:08

Ferkear yn de jûnsspits op de Heak om Ljouwert hat freed in soad lêst hân fan in losbrutsen keal. It bist rûn op de dyk tusken de Werpsterhoeke en Ljouwert-West en soarge foar in lange file.

Rykswettersteat en de plysje setten in diel fan de dyk ôf en wisten it keal yn de berm te krijen. It keal is letter ophelle troch de eigener.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)