Rekreaasjewenten yn Burdaard wurde dochs noch ôfboud

29 jul 2016 - 17:37

Der wurdt wer boud oan de rekreaasjewenten yn Burdaard. In ambisjeus projekt foar 58 wenten hat oardel jier stil lein troch tal fan problemen en in fallisemint by de ynvestearders. Trije kasko's en in tal fundaminten bepaalden de ôfrûne tiid it byld fan it plan dat der op papier sa moai út seach.

Undernimmer Symen Jansma siet ek mei twa wenten yn in projekt. Hy hat dy twa dêr no út helle en is sels dwaande se ôf te bouwen. Neffens Jansma kinne syn twa rekreaasjewenten dit jier noch wol klear wêze en sille fia de gemeente yn alle gefallen sân oare wenningen ôfboud wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)