UR: Bestjoerders regionale omroppen moatte better gearwurkje

30 jul 2016 - 06:50

De trettjin bestjoerders fan de regionale omroppen moatte better gearwurkje yn it reorganisaasjeproses fan dy omroppen. Dat sizze de mienskiplike ûndernimmingsrieden yn in brânbrief oan de rieden fan kommissarissen fan de omroppen. Troch de twivelriedigens ûnder de bestjoerders, dy't gjin ienheid foarmje en min gearwurkje, soene der mear minsken ûntslein wurde moatte, sizze de ûndernimmingsrieden. 

Om dat foar te kommen ha se de bestjoerders in deadline steld. Dy ha noch oant en mei 15 augustus om mei in antwurd te kommen

De omroppen moatte mei yngong fan 2017 mei-inoar 17 miljoen euro besunigje en wolle dy besuniging helje troch mear gear te wurkjen. De regionale omroppen soene dêrfoar opgean moatte yn ien nije lanlike organisaasje, de RPO. De regionale omroppen wachtsje lykwols noch op de wet dy't de wurking en de taken fan de RPO regelet. Steatssiktaris Sander Dekker wie fan doel om dy wet noch foar it simmerreses nei de Twadde Keamer te stjoeren, mar dat hat er noch net dien. Sûnder wetlike basis foar de RPO is it foar de bestjoerders fan de besteande regionale omroppen lestich om troch te pakken, sa litte guon direkteuren yn in earste reaksje wite. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)