CDA, ChristenUnie en PvdA mooglike koälysje Achtkarspelen

Riedsgearkomste yn Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
CDA, ChristenUnie en PvdA yn Achtkarspelen ûndersykje oft se de nije koälysje fan de gemeente foarmje kinne. Dy yntinsje ha de partijen útsprutsen nei petearen mei ynformateur Joop Atsma. De partijen prate nije wike fierder oer de gearwurking. Dat soe betsjutte dat it FNP en GBA bûten de nije koälysje hâlden wurde. De FNP is de grutste fraksje yn Achtkarspelen. Op 14 july waard troch in mearderheid fan de gemeenteried it fertrouwen opsein yn de trije wethâlders fan PvdA, FNP en GBA.
De FNP slagge der net yn mei in nije koälysje te kommen. Dêrom is it CDA frege om it inisjatyf foar it foarmjen fan in nij kolleezje oer te nimmen.