'Fryske nasjonaliteit yn pas'

01 maaie 2012 - 16:17

By Friezen moat op it paspoart komme te stean dat se de Fryske nasjonaliteit hawwe. Dat skriuwt de Fryske skriuwer Willem Schoorstra út Ternaard yn in pamflet. Hy fynt it wichtich dat Friezen foar harren eigen identiteit stean. Schoorstra hat dêrom by de gemeente Dongeradiel oanjûn dat er graach wol dat dat ek by him op it paspoart komt te stean.

Twa jier lyn besocht Chris van Hes út St Jânsgea it ek alris. Dat is doe net slagge.

Van Hes hat de ôfrûne jierren gjin aksje mear ûndernaam om de Fryske nasjonaliteit op syn paspoart te krijen. Hy wachtet rinnende projekten en inisjativen dêrta ôf. Mocht dat allegearre neat opsmite, dan besiket er dat foar-inoar te krijen by it Europeeske Hôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)