Accolade wol skea gaseksploazje ferhelje op feroarsaker

29 jul 2016 - 16:17

Wenningboukorporaasje Accolade oerwaget in rjochtsaak tsjin de feroarsaker fan de gaseksploazje yn Drachten oan te spannen om de skea te ferheljen. Dy skea is 2,5 miljoen euro. Twa miljoen krije se werom fan de fersekering. Dat betsjut dat der noch in heal miljoen skea fergoede wurde moat. Dy heale miljoen skea kin net ferhelle wurde op 'e fersekering, om't it giet om kosten foar oare ferbliuwsplakken fan de minsken en ferhúskosten.

Sivile proseduere

Neffens Irene Willems fan de wenningboukorporaasje kin dat mooglik ferhelle wurde mei in sivile proseduere. Yn dat gefal sil de dieder opdraaie foar it lêste part fan it bedrach. Accolade sil noch yn beried om te sjen of dat in goeie opsje is.

Feroardieling

Tongersdei waard al bekend dat de 47-jierrige Drachtster feroardiele is ta tbs mei twangferpleging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)