Binnenstêden Súdwest-Fryslân populêr, besikerstal nimt ta

29 jul 2016 - 15:45
  • De wetterpoarte yn Snits

De binnenstêden fan de gemeente Súdwest-Fryslân binne populêr. It tal besikers dat op de binnenstêd fan Snits ôfkomt, is it ôfrûne jier mei hast 13 prosint tanaam. De stêd Boalsert sit sels 14 prosint yn 'e lift. Yn it ôfrûne fearnsjier kamen der mear as 1,4 miljoen minsken nei it Snitser sintrum en 350.000 nei Boalsert. Dat docht bliken út ûndersyk fan CityTrafficmeet.

It ûndersyksburo hat dat dien mei help fan mjitapparatuer, lykas bluetooth en Wi-Fi, yn de winkelstrjitten.

Neffens wethâlder Maarten Offinga fan Súdwest Fryslân kinne je no suver wol sizze dat de Oosterdijk de P.C. Hooftstraat fan it noarden is. Der komme yn Snits sneons noch hieltyd in soad minsken te winkeljen, wylst dat yn in soad oare stêden minder wurdt. Neffens de gemeente komt dat troch it wikseljende winkeloanbod yn kombinaasje mei de smûke hoareka.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)