BBC: Fuotbalshirt SC Hearrenfean is it ûnsjochst

29 jul 2016 - 13:59
  • Mitchell Te Vrede nei de 3-0

SC Hearrenfean is it folslein ûniens mei it nijs dat it fuotbalshirt fan de Feanster fuotbalklup troch de BBC útroppen is ta ien fan de meast ûnsjogge shirts fan de wrâld. De Feansters binne grutsk op de histoarje fan it shirt. De klup hat de ferslachjouwer fan de BBC útnûge om lâns te kommen sadat se fertelle kinne oer de skiednis fan de pompeblêden, dy't yn Ingelân oansjoen wurde foar hertsjes.

Pompeblêden

Fan 1933 ôf spylje de Feansters al yn in shirt mei pompeblêden. Dit jier binne de supporters fan SC Hearrenfean frege om mei te tinken oer it ûntwerp fan it nije shirt. Sneon sil it nije tenu presintearre wurde op de iepen dei fan de fuotbalklup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)