“PC kafee fielt as myn bern”

Stadichoan nimt de koarts ta, oer fiif dagen is de PC yn Frjentsjer. En dus wurdt der foarôfgeand oan de PC wiidweidich omtinken jûn oan it keatsevenemint fan it jier. Op freed 29 july iepenje de doarren fan it PC kafee wer en praat presintator Geert van Tuinen keatsleafhawwers út hiel Fryslân by. Wy lizze Geert seis fragen foar.
Wêr komt dyn passy foar it keatsen wei?
“Dy passy is der mei de brijleppel yngetten thús. Us heit wie o sa’n leafhawwer, gie nei alle haadklassepartijen. En ja, ik bin berne yn Sint-Jabik, in keatsdoarp by útstek. Koene je net omhinne. En woe ik ek net.”
Hokker momint yn al dy jierren PC kafee is dy it measte bybleaun?
“Dat binne der meardere. Heleen Schuil bygelyks. Dochter fan de legindaryske Hotze. Dy’t op skitterjende wize oer har heit prate, gefoelichheden net út de wei gie mar dochs oanjoech dat sy grutsk wie op har heit en fan him hold. Prachtige radio. Mar ek de hilaryske mominten op de sneintemoarn mei bygelyks Pieter de Haan, Rinnie Kuiper en Marten van der Leest. Geweldige ferhalen dy’t sa no en dan oanwiisber net kloppe, mar wat kin it skele. De sneintemoarn is ús nostalgymoarn. A hell of a job, mar altyd in topper yn it PC kafee.”
Hoe belibbesto it PC kafee alle jierren wer?
“PC kafee fielt as myn bern, it is in soarte fan libbensier foar my. It is radio sa’t it hast net mear makke wurdt en dêr’t ik my as in fisk yn it wetter fiel. Wy begjinne yn april al mei it tinkwurk, dan de linen útsette, de produksje, al it lêswurk (ik wol alles witte, it leafst mear as de gasten) en dan úteinlik de útstjoeringen. En wannear’t dy dan goed slagje dan fiel ik my as in PC kening en bin ik grutsk op it moaie team dat wy hawwe. Kroan op it wurk: de NL-Award dy’t wy yn 2006 mei it programma wûn hawwe.”
Wat giet der troch dy hinne wannear’t de PC op it punt stiet te begjinnen?
“Ik stean dan ek altyd op it fjild om dat te fertellen foar de radio. It gefoel kin ik mar mei ien wurdt omskriuwe: eufoarysk! It is wer safier, wy geane los.”
Wat soarget by dy foar it grutske pikefelmomint by it keatsen?
“Dat binne de mominten dat de bal dy echt yn it hert rekket. It ôfskied fan Johannes van Dijk, Gerben Okkinga dy’t op syn lêste PC wer net wint en dus as ien fan de alderbêsten ea sûnder oerwinning bliuwt. Mar ek dy bal yn 2006 fan Taeke Triemstra. Slacht, mei stuit, in ferwoastjende opslach fan Chris Wassenaar boppe. Pffff wat in klasse. Ek: de krúsbânblessuere dy’t Ale Jan Anema oprûn yn de PC 2010. Ik haw sels sa’n blessuere hân, ik fielde de pine. En....sa soe ik oeren trochgean kinne.”
Wa binne neffens dy de grutste kânshawwers dit jier?
“As it trio Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger docht wat it kin, nammentlik goed en deeglik keatse, dan winne sy. Mar yn dy foarige sin sit gefaar, as sy ferlieze dan ferlieze sy fan harren sels. De formaasje Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra fyn ik ek in moai partoer. Steenstra is geweldich. Sprik is blessearre mar kin sûnder muoite ferfongen wurde troch Jacob Wassenaar. Wa wit stige Jan Dirk de Groot, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar boppe harren sels út. Dan binne sy kânshawwer. En fansels it partoer Johan van der Meulen, Hylke Bruinsma en Ale Jan Anema, dy wurde better de lêste wiken. Dat binne se wol wat de kânshawwers oanbelanget. Outsiders? Jawis! Ferrassingen? Nea útslute op de PC.”
It PC kafee mei presintator Geert van Tuinen is de kommende dagen te hearren op Omrop Fryslân Radio.
Folgje alles rûnom de PC by Omrop Fryslân
PC kafee:    freed 29 july om 18.00 oere, sneon 30 july om 11.00 oere, snein 31 july om 11.00
                    oere en tiisdei 2 augustus om 18.00 oere.
Lotting PC:  moandei 1 augustus om 18.00 oere op Omrop Fryslân Telefyzje.
PC:              woansdei 3 augustus de hiele dei op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en
                    de Omrop-app.