Ljouwert organisearret Pokémon Go Stedskuier

29 jul 2016 - 10:00
  • Pokémon Go-app

De VVV yn Ljouwert komt mei in Pokémon Go Stedskuier. De rûte giet troch it sintrum en by ferskate Pokémonlokaasjes lâns. De 'Pokéstops' yn it spul binne keppele oan de bysûnderheden fan Ljouwert.

Neffens de VVV is de kuier dêrmei ideaal foar gesinnen. De VVV-gids is sels in betûfte Pokémon Go-spiler. No moandei is der in try-out fan de Pokémon Go Stedskuier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)