Kollum: "Wat is no realiteit?"

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.
"Wat ik lestich fyn oan it wrâldnijs hjoed-de-dei, is dat it je hieltyd mar wer konfrontearret mei hoe machteleas je binne. Hoe lyts. Hoe min je dwaan kinne oan situaasjes. En dan is der noch it bipolaire elemint dat er yn skûlet. Dat realiteiten dwers trochelkoar rinne.
Dat ik moarns gedachteleas op wei nei it kofjesetapparaat rin. De radio stiet oan. En dat der yn myn brein ynienen in byld ferskynt fan in Japanner dy't njoggentjin ferstanlik gehandicapte minsken deastekt. Dat.
Dêrnei probearje ik it byld wer te ferjitten en prop gedachteleas in kofjekapsule yn it apparaat. Bin ik bliid dat it ding sa'n lawaai makket, want dan kin it nijs ferstomme. Wat der bart yn Japan is realiteit, mar dat ik no kofje meitsje, is ek realiteit. It rint yn elkoar oer. Befrjemdend fyn ik dat.
Of dat er yn in tsjerke yn Frankryk sa mar in bejaarde pryster fermoarde wurdt yn in freedsume mis. Ik hear it, mar ik bin ûnderwilens eefkes drok mei lilk wêzen op de kat, dy't nei it balkon fan de buorren sprongen is.
It iene is folle slimmer as it oare, mar oan it oare kin ik wat dwaan. Dus tink ik mar net mear oan it iene. En boppedat, de kat is nó myn realiteit.
Dochs fielt dat net hielendal oké. Want fyn ik it dan wol slim genôch? Is it wol earbiedich om je drok te meitsjen oer de stoute kat as de wrâld yn de brân stjit?
Ik wol it nijs hjoed-de-dei eins net mear witte (en dochs wol ik it witte). En ik bin net de iennige dy't leaver de oare kant op sjocht. Ut in lyts ûndersykje fan RTL Nieuws blykt dat mear minsken harren ôfslute foar ellindich nijs. It ropt te folle negative emoasjes op. Ek de NRC hie der in stik oer.
Ik snap it hielendal. Ik bin yn ferwachting en berjochten oer deade bern kin ik net ferdrage. Dat koe ik al noait echt mar no al hielendal net mear.
It byld fan in boarterspop yn Nice, op de rûte fan de wite frachtwein, ik kin it nachts net loslitte. Dus set ik it lûd fan it Journaal al wiken út by dit soarte items, en sjoch de oare kant út.
Dizze wike flitste der in foto foarby fan deade Syryske memmen mei deade bern yn de earms. Ik probearje it goed te praten sadat myn holle der net mei oan de haal giet. Faaks wie it nep. Dêrnei kaam dus it nijs dat in Frânske pryster de kiel trochsnien is troch in steltsje gekken. Ik tocht, gelokkich wie de bêste man al 84. Myn brein siket as fansels útflechten, liket it wol. Fersachtet de pine.
In minske kin simpelwei net al it wrâldleed ferdrage. Dat koenen de Jezussen, Mandela's en Gandhi's fan dizze wrâld tink ik ek net as se noch libbe hienen. In skrale treast.
Ut psychologysk ûndersyk docht bliken dat de bêste reaksje op terreurberjochten en rotnijs is om gewoan troch te gean mei je deistige dinkjes en eefkes te praten oer wat er bard is. Gewoan trochgean dus mei de kat útfoeterje en gedachteleas kofje sette. Hielendal neat mis mei."