Bypasses yn N31 by Harns iepen foar it ferkear

De nije bypasses lâns de N31 by Harns binne klear. Fannacht binne se iepengien en kin it ferkear se brûke. Der wurdt op dit stuit wurke oan de oanlis fan it akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal. Dêrtroch is de ferkearssituaasje folslein feroare.
Sa is de ôfrit Harns yn, nei de Keningsbrêge, wer iepen. De oprit foar de Keningsbrêge rjochting Ljouwert giet ticht. De nije oprit rjochting Ljouwert giet fia de Almenumerwei.
Lânbouferkear kin net langer oer de paralleldyk fan de Keningsbrêge. Fytsers kinne noch wol oer de brêge. Rykswettersteat warskôget dat der de kommende wiken noch mear wurksumheden útfierd wurde, dêrtroch kin de situaasje opnij feroarje. Op de spesjale webside oer de N31 is alles te folgjen.