Flylân krijt houten karkas op strân as sâneksperimint

28 jul 2016 - 22:04
  • Dunegebiet Flylân

Lânskipsarsjitekten Jorrit Noordhuizen en Inge Kersten bouwe fan snein ôf in 50 meter lange skulptuer op it strân by De Vliehors op Flylân. It giet om in eksperimint, wêrby de arsjitekten sjen wolle wat de ynfloed is fan it stosân op de houten konstruksje, dy't wol wat liket op in karkas.

De arsjitekten meitsje alle wiken foto's om de ûntwikkelingen fêst te lizzen. De útkomsten wurde brûkt by bygelyks it bouwen fan strânhúskes. Noordhuizen slút net út dat der by de Nederlânske kust del mear fan dizze konstruksjes komme.

Der is foar Flylân keazen om't hjir faker eksperiminten binne mei it stosân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)