Partoer Haye Jan Nicolay as 16e partoer nei de PC

28 jul 2016 - 21:34

Haye Jan Nicolay, Pieter van der Schoot en Kees van der Schoot foarmje it 16e partoer foar de 163e PC yn Frjentsjer fan kommende woansdei. Sy wûnen tongersdeitejûn de saneamde keats-off, dêr't fjouwer partoeren yn striden om it lêste plak op de list. Yn de finale stiene se tsjinoer it partoer fan Johan Diertens, Hyltje Bosma en Lennart Adema. It partoer fan Nicolay kaam mei 5-2 achter, mar knokte him werom en wûn úteinlik mei 5-5 en 6-2.

It wurdt foar Pieter van der Schoot syn debút op de PC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)