"Ferhuzing lânboumuseum is ferlies foar Earnewâld"

28 jul 2016 - 20:47
  • Camping It Wiid by Earnewâld

De ferhuzing fan it lânboumuseum fan Earnewâld nei Goutum is 'in ferlies foar it doarp'. Dat seit eigener Ton Bleckman fan camping It Wiid, de buorman fan it museum. Hy fynt dat de provinsjale polityk noch marris kritysk sjen moat nei it plan fan it Frysk lânboumuseum om - mei subsydzje fan provinsje en de gemeente Ljouwert - te ferhúzjen.

Neffens Bleckman is de ferhús-operaasje ek in foarm fan kaptaal-ferneatiging, want it museum is noch mar njoggen jier jier lyn, mei in soad oerheidssubsydzje, ferhuze fan Eksmoarre nei Earnewâld.

No wer ferhúzje, op kosten fan de mienskip, neamt de ûndernimmer 'net duorsum'. De ûndernimmer is ek fan betinken dat it museum folle better yn Earnewâld bliuwe kin, fanwege de synergy mei it besikerssintrum fan Nasjonaal Park de Alde Feanen.

It lânboumuseum makke koartlyn bekend fan doel te wêzen om yn 2018 nei Goutum te ferhúzjen. It museum wol graach tichter by in treinstasjon sitte en sjocht ek goede gearwurkingsmooglikheden mei de Ljouwerter Dairy Campus en de Kulturele Haadstêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)