File op N31 by Harns troch steuring yn Keningsbrêge

Dizze kear soarge de Keningsbrêge foar file op de N31 © Postema Media
It ferkear op de N31 by Harns hat tongersdeitemiddei in skoft stilstien oan beide kanten fan de Keningsbrêge. De slachbomen woene net mear omheech. In monteur hat it euvel ferholpen en om 17.00 oere koe it ferkear wer oer de brêge en loste de file op.