Trienke Elshof fan Aldetrine nije foarsitter fan LTO Noord

28 jul 2016 - 16:28

Trienke Elshof fa Aldetrine wurdt de nije foarsitter fan it regiobestjoer fan LTO Noord. Mei yngong fan 1 novimber wurde de ôfdielings Fryslân, Grinslân en Drinte gearfoege ta de regio Noord. Neist Trienke Elshof sitte der noch twa Friezen yn it bestjoer fan dy regio. It giet om Peet Sterkenburgh en Tineke de Vries.

Trienke Elshof wie earder foarsitter fan de LTO yn Weststellingwerf, ek hie se ferskate oare bestjoerlike funksjes yn de agraryske sektor. As foarsitter fan it regiobestjoer sit se ek yn it algemien bestjoer fan LTO Noord.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)