Dongeradiel giet foar noch mear duorsumens

Elektrysk ride © ANP
Dongeradiel set troch mei de duorsume projekten yn de gemeente en wreidet dy út nei de doarpshuzen. Dy wurde lykas sportferienings stimulearre om minder stroom te brûken. De gemeente wol ynwenners bewust meitsje fan de foardielen fan it besparjen lykas it sels opwekken fan stroom en it ferbetterjen fan de isolaasje.
Om sels it goede foarbyld te jaan ride der yn Dongeradiel fyftjin gemeenteauto's op grien gas en hat de gemeente trije elektryske auto's en twa elektryske soleksen.
Der binne de lêste fjouwer jier ek oplaadpeallen foar elektryske auto's en boaten kaam en der is in fulstasjon foar griengas. Gemeentlike gebouwen ha sinnepanielen krigen en strjitferljochting krijt ledlampen.