Eachdokters yn MCL hawwe gjin wachtlist mear

28 jul 2016 - 15:26
  • Eachdokter

De pasjintestop by de eachdokters fan it Ljouwerter sikehûs MCL is foarby. It sikehûs moast de stop in pear wike lyn ynfiere om't de wachtlisten oars te lang waarden. Mei it oanstellen fan in nije eachdokter en it ynsetten fan in tydlike eachdokter is de ôfdieling wer op sterkte.

De wachttiid foar in earste konsult is tsien wurkdagen. De eachdokters fan it MCL hâlde sprekoeren yn Ljouwert en Harns en fiere dêr ek operaasjes út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)