Wedstriid tusken langebaanriders en shorttrackers yn de maak

Jesper Hospes © awfoto.nl
It reedrydbûn KNSB mei takom jier maart in Dutch Icederby organisearje. It ynternasjonale reedrydbûn ISU hat dêr tastimming foar jûn. De Icederby is in wedstriid tusken langebaanriders en shorttrackers op in baan fan 220 meter.
De KNSB hat de Icederby tegearre mei it Súd-Koreaanske bedriuw Icederby In'l ûntwikkele. In betingst fan de ISU is dat der net gokt wurde mei op dizze wedstriden. De KNSB is tige wiis mei de tastimming. Sa kin der neffens it bûn wurke wurde oan promoasje en fernijing fan de reedrydsport.