Denton Koon nije forward by Aris

28 jul 2016 - 10:05

Basketbalklup Aris út Ljouwert hat in nije oanwinst yn de 24-jierrige Amerikaanske forward Denton Koon. Hy is de tredde bûtenlânske fersterking by Aris. Koon (2.03 meter lang) stiet bekend as in allrounder en kin op beide forward-posysjes út de fuotten. De Amerikaan komt oer fan Hofstra University. Earder spile er foar de universiteit fan Princeton.

De hichtepunten fan Denton Koon yn syn lêste seizoen by Hofstra University: 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)